-
Niet op voorraadMooi exemplaar Harde kaft 442 foto,s 22x29 formaat * Intieme hoekjes en wijde wateren
-
Yn dizze twadde roman fan Anders M. Rozendal giet it oer de lange reis dy't harddrugs (kokaïne en heroïne) meitsje fan Súd-Amearika nei Europa. En dan benammen oer de minsken dy't dêroan meiwurkje. Wat driuwt har? Wêrom stappe se sa maklik oer de grinzen fan wet en moraal hinne? Is it om it jild, it aventoer of beide? Tinke se net oan de brukers fan it gif, dy't troch harren tadwaan deroan geane? Yn it boek wurde fjouwer jongelju beskreaun dy't net mear sunder drugs kinne. Moatte de omstanners, yn dit gefal neiste famylje, sitten bliuwe dêr't se sitte en de striid tsjin de drugsmafia oan it gesach oerlitte?
-
Samenvatting Dizze roman spilet op 'e earme Fryske heide fan Hastings, dêr't Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr't er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr't foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara's fan Hastings ferskynde yn 1921. 'De Hoara's' wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker. Geen omslag Foto niet het zelfde